Wolkom

Pjutteboartersplak De Springplank is ûnderbrocht yn it gebou fan de Master Franke skoalle. It boartersplak is iepen op moandei- en woansdei te moarn fan 08.45 - 11.30 oere. De Springplank is twatalich sertifisearre (Nederlands en Frysk) en de lieding is yn hannen fan in beropskrêft, bystien troch in frijwilliger. Pjutteboartersplak De Springplank wol oan alle bern de mooglikheid biede foar in optimale ûntwikkeling, yn in feilige omjouwing, mei respekt foar it eigene fan elk bern. Der wurdt wurke mei de bekende tema’s sa as de tiden fan it jier, Sinteklaas en Krysttyd, mar ek mei projekten. Dy kinne oer it boadskipjen gean, de klean, it liif, it ferkear as wat oars dêr’t de pjutten sels mei komme.

It learen om mei inoar te boartsjen, wurkjes te meitsjen en it oanlearen fan de basisfeardichheden binne hjirby wichtich. Wille hawwe en je lekker thús fiele yn de groep is hjirby ek wol sa wichtich. De kontakten en de gearwurking mei de âlders/fersoargers binne fan grutte wearde. Derom wurde dy ek gauris frege om mei te dwaan oan festiviteiten. Fierder organisearret De Springplank âlderjûnen en tema’s yn gearwurking mei de ûnderbou fan de basisskoalle.

Ynformaasje

Underoan dizze side kinne jo it ynformaasjeboekje oer it pjutteboartersplak yn Earnewâld downloade. Mochten jo nei it lêzen fan dit boekje noch fragen ha, dan kinne jo altyd terjochte by de leidster as âlderkommisje.

Jo kinne foar mear ynformaasje as foar it oanmelden fan jo bern, terjochte by Kinderwoud, sjoch www.kinderwoud.nl. It pjutteboartersplak-wurk fan de gemeente Tytsjersksteradiel falt hjir ûnder. It inskriuwen kin fanôf 18 moanne en fanôf 24 moanne (dat hinget al fan de wachtlist ôf) kin jo bern op it pjutteboartersplak terjochte.

It ynformaasjeboekje fan de Springplank, kinne jo hjir downloade.

Programma

De pjutten wurde moarns tusken 08.45 - 09.0 oere brocht en om 11.30 oere wer ophelle. Under it bringen meie de pjutten frij boartsje. Dernei geane we efkes yn de rûnte sitten om sa elkenien te begroetsjen, foar it sjongen fan in goeiemoarnferske en it neamen fan de nammen. Dêrnei is it wer frij boartsjen.

Om 10.15 oere is it tiid om op te romjen en geane wy foar it lêzen fan in ferhaaltsje en it sjongen fan ferskes oan tafel sitten. Oanslutend wurdt fruit iten en limonade dronken. It moarnsskoft wurdt ôfsletten mei: in aktiviteit oan tafel (fervje, klaaie, plakke, en sa), of nei gymnastyk, of we geane, mits it waar it talit, nei bûten dêr’t wy gebrûk meitsje kinne fan it grutte boartersfjild, de sânbak en in soad bûtenmateriaal. As de pjutten of de liedsters har jierdei hawwe, dan wurdt dit ek oan ‘e ein fan it moarnsskoft fierd.